Daddy's Home (film)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Daddy's Home is in Amerikaanske komeedzjefilm út 2015 ûnder rezjy fan Sean Anders, mei yn 'e haadrollen Will Ferrell, Mark Wahlberg en Linda Cardellini. De titel betsjut "Heity is Thús". It ferhaal giet oer de kalme, saaie Brad Whitaker, dy't út alle macht besiket om in goede styfheit foar de bern fan syn frou Sara te wêzen. As er de bern einlings en te'n lêsten safier hat dat se him akseptearje, komt ynienen Dusty Mayron, de biologyske heit, op 'e lapen, dy't alles wer yn ûnstjoer bringt. Daddy's Home krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie kommersjeel tige súksesfol yn 'e bioskopen. Sadwaande kaam yn 2017 in ferfolchfilm út, mei as titel Daddy's Home 2.
Fluch de feiten
Daddy's Home | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Sean Anders | |
produsint | Will Ferrell Adam McKay Chris Henchy John Morris | |
senario | Brian Burns John Morris Sean Anders | |
kamerarezjy | Julio Macat | |
muzyk | Michael Andrews | |
filmstudio | Red Granite Pictures Gary Sanchez Productions | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Will Ferrell Mark Wahlberg Linda Cardellini | |
byrollen | Scarlett Estevez Owen Vaccaro Thomas Haden Church Hannibal Buress | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 9 desimber 2015 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 96 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $69 miljoen | |
opbringst | $242,8 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Daddy's Home | |
● folgjend diel | Daddy's Home 2 |
Slute