Coward of the County (liet)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Coward of the County is in liet fan it countrysjenre, dat yn 'e 1970-er jierren skreaun waard troch de Amerikaanske lietsjeskriuwers Roger Bowling en Billy Ed Wheeler. De titel betsjut "Leffert fan 'e County". It liet waard opnommen troch de Amerikaanske sjonger Kenny Rogers, dy't it yn 1979 útbrocht op syn mearfâldich platina-album Kenny. Coward of the County wie ek it twadde nûmer fan dat album dat as single útbrocht waard, op 12 novimber 1979. It giet oer in jongeman dy't troch eltsenien as in leffert beskôge wurdt, mar dy't op in stuit sa ferge wurdt dat er syn selsbehearsking ferliest. Coward of the County wie tige súksesfol en groeide út ta ien Rogers syn grutste hits.
Fluch de feiten
Coward of the County | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | Kenny Rogers | |
album | Kenny | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | country | |
útbrocht | 12 novimber 1979 | |
doer | 4:20 | |
label | United Artists Records | |
skriuwer | Roger Bowling en Billy Ed Wheeler | |
komponist | Roger Bowling en Billy Ed Wheeler | |
produsint | Larry Butler | |
resultaten | ||
ferkocht | >1 miljoen | |
hitlisten | nû. 1 yn de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Ierlân, Kanada nû. 3 yn Nij-Seelân | |
prizen | American Music Award 1981 Music City News Award 1980 | |
sertifisearre | ![]() ![]() ![]() ![]() | |
covers | Alvin and the Chipmunks, Sister Nancy |
Slute