From Wikipedia, the free encyclopedia
In comarca (Spaansk: [koˈmaɾka], Portegeesk: [kuˈmaɾkɐ] of [koˈmaʁkɐ], Katalaansk: comarque [kuˈmar.kə] of [koˈmaɾ.ka]) is in tradisjonele regio of pleatslike bestjoerlike ienheid yn Spanje, Portegal en guon fan harren eardere koloanjes lykas Brazylje, Nikaragua en Panama. It wurd komt fan it begryp marca, itjinge "mark" as grinsgebiet betsjut, mei it foarheaksel co, itjinge "mank", "tegearre" as "yn" betsjut, ôf. Dus it wurd betsjut sokssawat as "yn in grinsgebiet"
De comarca wurdt yn it Aragoneesk útsprutsen as redolada (IPA: [reðoˈlaða]) en yn it Baskysk as eskualde (IPA: [es̺kualde]). Yn it Galisysk wurde comarca's ek wol bisbarras (IPA: [bizˈβarɐs]) neamd.
In comarca komt oerien mei it wurd county en shire út de Angelsaksyske wrâld, alhoewol't dy yn it Spaansk en Portegeesk oerset wurde as condado - "greefskip" dy't yn it Ibearysk Skiereilân nei histoaryske regio's ferwize, dy't yn it ferline hearske waarden troch in greve (conde). It foech en de gearstalling fan comarca's yn de ferskate regio's rinne útien. Yn Kataloanje hawwe se bestjoerlike ferantwurdlikens, wylst se yn Brazylje rjochtsgebieten en yn Panama yndianereservaten binne.
Fan de midsiuwen oant de sechtjinde iuw wiene comarca's grutte bestjoerlike ienheden yn Portegal. Der wiene seis fan sokke tradisjonele ienheden. Fan de sechtjinde iuw ôf waarden se stadichoan ferwiisd as provinsjes.
Dêrnei waard it wurd comarca brûkt foar nije bestjoerlike en rjochtsdielgebieten fan de provinsjes, dy't yn d esantjinde iuw stifte waarden. Eltse comarca waard fertsjintwurdige troch in corregedor dy't de ôffurdige wie fan dy krite by de Kroan.
Yn de njoggentjinde iuw waarden de comarca's ferfongen troch bestjoerlike en rjochtsienheden dy't faninoar skaat waarden, yn it ramt fan it ynfieren fan de skieding tusken de bestjoerlike en wetjouwende macht. De nije bestjoerlike ienheden waarden distrikten en de rjochtsgebieten holden de namme comarca.
Hjoed-de-dei is de comarca in rjochtsgebiet yn Portegal, Brazylje en guon oare lannen fan de Mienskip fan Portegeesksprekkende Lannen, sa as bygelyks it rjochtsgebiet fan in beskate rjochtbank of fan in groep lytse rjochtsgebietsjes. Yn Brazylje binne der 2.680 comarca's en yn Portegal waard it tal comarca's, yn it ramt fan in bestjoerliek fernijing yn 2014, werombrocht fan 231 ta 23. Yn 2015 waard by in weryndieling Angola fannijs ûnderferparte yn 60 comarca's, dy't elts in rjochtsgebiet fan in beskate rjochtbank útmeitsje. Ek is Comarca de namme fan in foarstêd fan Lûanda, de haadstêd fan Angola.
It begryp comarca wurdt yn ferskate regio's fan Spanje brûkt.
Yn oare regio's, lykas Ekstremadoera, kin in comarca nei in pleatslike krite of regio dy't gjin bestjoerlike ienheid is, ferwize.
De njoggend egrutte agglomeraasje yn Meksiko is bekend as de Comarca Lagunera. De regio bestiet út 15 gemeenten, lykas de stêden Torreón, Coahuila en Gómez Palacio yn Durango.
Yn Panama, de comarca indígena is in bestjoerlike ienheid mei in grutte yndiaanske befolking. Fjouwer dêrfan binne winliken provinsjes. Twa lytseren binne part fan in provinsje en binne lyk oan in corregimiento, in ûnderferdieling fan in Panameeske provinsje.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.