Cheshire
From Wikipedia, the free encyclopedia
Cheshire (/ˈtʃɛʃɚ/) is in greefskip yn it noarden fan Ingelân, yn it Feriene Keninkryk, dat nei alle gedachten yn of omtrint 920 oprjochte waard troch kening Edwert de Aldere. It greefskip grinzet oan Merseyside, Grut-Manchester, Derbyshire, Staffordshire, Shropshire en ek oan de greefskippen Flintshire en Wrexham yn Wales. Cheshire hat in befolking fan 1.006.100 minsken (2008), en is dêrom it 19e greefskip neffens grutte fan it lân. De haadstêd is Chester, mar de grutste stêd fan Cheshire is Warrington.
- Dizze side giet oer de Ingelske greefskip Cheshire. Foar oare betsjuttings, sjoch: Cheshire (betsjuttingsside).