De Chesapeakebaai (Ingelsk: Cheasapeake Bay) yn it easten fan de Feriene Steaten is in riviermûning en baai oan de Atlantyske Oseaan dêr't goed 150 rivieren en streamkes yn útkomme. It totale streamgebiet fan dy rivieren is 165.800 km2 en omfiemet it distrikt Kolumbia en parten fan seis steaten: New York, Pennsylvania, Delaware, Marylân, Firginia en West Firginia.

Thumb
Streamgebiet Chesapeakebaai
Thumb
Chesapeakebaai - satellytfoto

Fan de Susquehanna yn it noarden oant de Atlantyske Oseaan yn it suden is de baai sa'n 332 km lang. Op it smelste punt by Annapolis, Maryland, is de baai mar 6,5 km breed; op it breedste plak, by de mûning fan de Potomac is er 50 km breed. De totale kustline is 18.804 km lang en it oerflak fan de baai is 11.400 km2.

Op it meast smelle punt leit de Chesapeakebaaibrêge. Under de mûning fan de baai rint de Chesapeakebaaibrêgetunnel oer in lingte fan 37 km.

Geology

De baai is de ûnderstrûpte delling fan de Susquehanna; it betsjut dat de rivier hjir streamde doe't it seenivo folle leger lei. It is gjin fjord omdat de gletsjers yn de Iistiid net sa fier súdlik rikten.

De ynholte is trochsneed minder as 9 meter djip en sa'n 2800 km2 fan de baai is net djipper as 2 meter.

Skiednis

De Chesapeakebaai hat de Slach fan de Chesapeake yn 1781 sjoen, doe't de Frânske float it wûn fan de Britske marine yn in seeslach dy't beskiedend wie foar de Amerikaanske Revolúsje; it hie fan gefolgen dat de Britske troepen yn Yorktown (Firginia) har oerjaan moasten oan George Washington.

Rivieren

Rivieren dy't útkomme yn de Chesapeakebaai binne:

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Chesapeake Bay fan Wikimedia Commons.

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.