Chattahoochee (rivier)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Chattahoochee is in rivier fan sa'n 690 km langte, dy't yn it noardeasten fan de Amerikaanske steat Georgia ûntspringt en troch westlike foarstêden fan Atlanta streamt. Tegearre mei de Flint River foarmet er de betreklik koarte Apalachicola yn Floarida dy't yn de Golf fan Meksiko útmûnet. Meiïnoar foarmje de ôfwetteringsgebieten it Apalachiacola–Chattahoochee–Flint River Basin (ACF River Basin).
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/9/9c/Busy-Landing-Chattahoochee-NPS.jpg/320px-Busy-Landing-Chattahoochee-NPS.jpg)
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/3/33/Chattahoochee_watershed.png/220px-Chattahoochee_watershed.png)
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/6/60/Chattahoochee.jpg/640px-Chattahoochee.jpg)
De Name Chattahoochee komt út de taal fan de Sjeroky (Cherokee) en betsjut 'beskildere rots'. Yn 1978 waard it rekreäasjegebiet Chattahoochee River National Recreation Area ynrjochte dat fan nasjonaal belang is.