Charlie's Angels: Full Throttle
From Wikipedia, the free encyclopedia
Charlie's Angels: Full Throttle is in Amerikaanske aksjekomeedzje út 2003 ûnder rezjy fan McG, mei yn 'e haadrollen Cameron Diaz, Drew Barrymore en Lucy Liu. It is it ferfolch op Charlie's Angels út 2000 en is krekt as dy film basearre op 'e populêre tillefyzjesearje Charlie's Angels út 'e 1970-er jierren. De titel fan Charlie's Angels: Full Throttle betsjut safolle as: "Charlie's Ingels: Plankgas". De plot draait om 'e dieverij fan in pear ringen dy't tagong jouwe ta it kompjûtersysteem fan it Amerikaanske tsjûgebeskermingsprogramma. De 'ingels' moatte dy ringen werom sjen te krijen. Charlie's Angels: Full Throttle hie in stjerrecast dêr't behalven de trije haadrolspylsters ek Bernie Mac, Demi Moore, Robert Patrick, Shia LeBeouf, Matt LeBlanc, Luke Wilson, John Cleese, Robert Forster, Carrie Fisher, Jaclyn Smith, Bruce Willis en Pink diel fan útmakken. De film krige mingde resinsjes, mar brocht wrâldwiid rom $259 miljoen op. Yn 2019 kaam in nije film oer Charlie's Angels út, mei in nije generaasje 'ingels'.
Charlie's Angels: Full Throttle | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | McG | |
produsint | Drew Barrymore Leonard Goldberg Nancy Juvonen | |
senario | John August Cormac Wibberley Marianne Wibberley | |
basearre op | Charlie's Angels (tillefyzjesearje) | |
kamerarezjy | Russell Carpenter | |
muzyk | Edward Shearmur | |
filmstudio | Columbia Pictures Leonard Goldberg Productions Flower Films Tall Trees Productions/ Wonderland Sound and Vision | |
distribúsje | Sony Pictures Releasing | |
spilers | ||
haadrollen | Cameron Diaz Drew Barrymore Lucy Liu | |
byrollen | Bernie Mac Justin Theroux Demi Moore Robert Patrick John Forsythe Crispin Glover Shia LaBeouf | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 27 juny 2003 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 106 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $120 miljoen | |
opbringst | $259,1 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Charlie's Angels (franchise) | |
● foarich diel | Charlie's Angels (film út 2000) | |
● folgjend diel | Charlie's Angels (film út 2019) |