Charkov
From Wikipedia, the free encyclopedia
Charkov of Charkiv (Oekraynsk: Ха́рків/Charkiv, Russysk: Ха́рьков/Charkov) is de op ien nei grutste stêd fan de Oekraïne. De stêd leit yn it noardeastlik diel fan it lân yn de oblast mei deselde namme, dêr't de stêd it besjoerlik sintrum fan is.
Fluch de feiten Flagge, Wapen ...
Charkov | |
---|---|
Lizzing fan Chakov yn de oblast Charkov yn de Oekraïne | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Oekraïne |
Oblast | Charkov |
Sifers | |
Ynwennertal | 2.694.007 (2019) |
Oerflak | 350 km² |
Befolkingstichtens | 4.500 / km² |
Hichte | 152 m |
Oar | |
Stifting | 1654 |
Tiidsône | EET (UTC+2) |
Simmertiid | (UTC+3) |
Webside | Side fan de stêd Charkov |
Slute
De stêd waard yn 1654 as in lyts fort stifte en woeks yn de tiid fan it Russyske Keizerryk út ta in wichtich yndustry- en hannelssintrum.
Yn de tiid doe't de Oekraïne in sojalistyske Sovjet-republyk wie de stêd fan desimber 1919 oant jannewaris 1934 de haadstêd fan de republyk. Nei dy tiid waard Kiëv haadstêd.
Tsjintwurdich is Charkov ien fan de grutte kulturele, wittenskiplike en yndustriële sintra fan it lân mei in grut tal musea, teäters en bibleteken.