Catskillberchtme
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Catskillberchtme (Ingelsk: the Catskill Mountains of koartwei the Catskills) is in berchtme yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat New York, dat ûnderdiel útmakket fan 'e folle gruttere berchkrite fan 'e Appalachen. It is in ôfsliten berchtme mei as heechste top Slide Mountain, mei in hichte fan 1.270 m. It gebiet is bekend yn 'e kultuer fan 'e Feriene Steaten om't it deunby de rivier de Hudson leit en yn 'e njoggentjinde iuw sadwaande in favoryt ûnderwerp wie fan 'e Hudsonrivierskoalle fan keunstskilders. Mids tweintichste iuw wie it simmerdeis de favorite fakânsjebestimming fan in 'e begoedige klassen út 'e stêd New York.
Fluch de feiten
Catskillberchtme | ||
berchtme | ||
Utsjoch oer Slide Mountain mei oanbuorjende toppen. | ||
geografy | ||
diel fan | Appalachen | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | New York (steat) | |
sifers | ||
oerflak | 15.259 km² | |
lingte | 179 km (noard-súd) | |
breedte | 164 km (east-west) | |
heechste punt | Slide Mountain | |
hichte | 1.270 m | |
geology | ||
yndieling | middelberchtme | |
âldens | 420–323 miljoen jier | |
stiensoarte | sedimintêr stiente | |
kaart | ||
Lizzing yn New York.
|
Slute