![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/9/9f/Cascade_Locks_Oregon_post_office.jpg/640px-Cascade_Locks_Oregon_post_office.jpg&w=640&q=50)
Cascade Locks (Oregon)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Cascade Locks is in plak (city) yn it noardwesten fan Hood River County yn de Amerikaanske steat Oregon en leit oan de rivier de Kolumbia. It plak leit yn de Kleau fan de Kolumbia en de bergen fan it Cascadesberchtme binne oan wjerskanten fan de kleau. It plak is neamd nei de eardere slûzen, Ingelsk: Locks, dy't yn de Kolumbia sieten om skipfeart op de rivier better mooglik te meitsjen. De Amerikaanske oerheid karde it plan goed yn 1875 en sette út ein mei de bou yn 1878. It projekt wie ree op 5 novimber 1896. De slûzen waarden oerstallich nei de bou fan de Bonnevilledaam yn 1937. Dat is in keardaam dy't 6 km fierder boppestream boud waard. Nei de foltôging fan dit projekt strûpten de eardere slûzen ûnder wetter en ûntstie de Bonnevillemar. It plak ferlear lykwols gjin lân nei it ûntstean fan de Bonnevillemar. Justjes boppestream is de Bridge of the Gods, in tolbrêge dy't it plak mei Stevenson ferbynt, dat oan de Washingtonkant fan de Kolumbia leit.
Cascade Locks | ||
![]() | ||
Postkantoar mei de Kolumbiarivier op 'e eftergrûn | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Oregon | |
County | Hood River County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.379 (2020) | |
Oerflak | 7,8 km² (ynkl. wetter) 5,4 km² (allinne lân) | |
Befolkingsticht. | 255,4/km² | |
Hichte | 50 m | |
Oar | ||
Stifting | om 1853 hinne 1935 incorporated | |
Postkoade | 97014 | |
Tiidsône | Pacific (PST)UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Koördinaten | 45° 40' 21" N 121° 52' 25" W | |
Offisjele webside | ||
Kaart | ||
![]() | ||
De lizzing fan Cascade Locks yn Hood River County en yn 'e steat Oregon. |
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/9/9f/Cascadelocks1.png/640px-Cascadelocks1.png)