Capability Brown
From Wikipedia, the free encyclopedia
Capability Brown, berne Lancelot Brown (Kirkharle (Northumberland), 1716 - Londen, 6 febrewaris 1783) wie in Ingelske lânskips- en túnarsjitekt. Hy waard berne yn Northumberland en wie yn tsjinst by aadlike famyljes om harren tunen yn te rjochtsjen. Bekende plakken dêr't er arbeide hat, binne Blenheim Palace yn de omkriten fan Oxford, de Kew Gardens by Londen en Warwick Castle.
Lancelot Brown jildt as de skepper fan de Ingelske lânskipsstyl. Feitlik gie Brown fierder mei it wurk fan arsjitekten as Charles Bridgeman, John Vanbrugh en William Kent en makke er de lânskipstún folsleiner en grutskaliger. Teffens ûntwikkele er yngewikkelde drainaazjesystemen. Hy hat mear as 170 parken ûntwurpen yn 30 jier en waard in ryk man.
Guon histoaryske tunen wurde no beheard troch de National Trust for Places of Historic Interest or Natural Beauty/National Trust, te fergelykjen mei de Belgyske Commissie voor Monumenten en Landschappen en de Vereniging Natuurmonumenten yn Nederlân mei dit ferskil dat de National Trust in rjochtspersoan is, dy't eigener en behearder fan de domeinen.
Brown krige "Capability" oan syn namme taheake, om't yn eltse tún wol in "mooglikheid" seach om dizze te feroarjen yn in lânskipstún. De lânskipstún wie in reaksje op de foarmelike, strang oardere, renêssânsetunen mei in muorre der omhinne. Bûten de boppeneamde foarbylden yn Ingelân, binne moaie foarbylden fan lânskipstunen, de Landcommanderij Alden Biesen te Bilzen, de abdij fan Herckenrode en it Kastiel fan Hex. Yn Noard-Nederlân hat Lucas Roodbaard ferantwurdlik west foar in protte tunen yn de lânskipsstyl.