From Wikipedia, the free encyclopedia
Caesar (sprek út as 'kaɪsar') wie eartiids by de Romeinen in titel. Dizze titel is yndirekt ôflaat fan de namme fan Julius Caesar. Dizze adoptearre syn efterneef Augustus Oktavianus by testamint ûnder de namme Gaius Iulius Caesar (Octavianus). Augustus Oktavianus soe de earste princeps (keizer) fan Rome wurde.
Caesar waard op de ein fan de 3e iuw as titel ynfierd troch keizer Diokletianus dy't syn tetrargen betitele as Augustus en Caesar. Foar sawol it easten as westen fan Imperium Romanum wienen in Caesar en in Augustus. De Augusti wienen de foarnaamste, mar de Caesari stienen fuort ûnder har. Caesar wie dan ek de titel dy't weijûn waard oan de kommende opfolger. Dat is te ferklearjen út Augustus syn eigen opfolging: hy adoptearre dejinge dy't him opfolgje soe, sadat dizze it cognomen Caesar krige.
De titel keizer is ek fan Caesar ôflaat.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.