Cécile Corbel
From Wikipedia, the free encyclopedia
Cécile Corbel (Frânske útspr.: [seːˈsil kɔʁˈbɛl], likernôch: "see-syl koch-bel"; Pont-Croix, 28 maart 1980) is in Frânsk sjongster, harpiste, lietsjeskriuwster en komponiste fan etnysk Bretonsk komôf. Hja makket muzyk dy't ta de sjenres Keltyske muzyk en wrâldmuzyk rekkene wurde moat, en sjongt yn it Frânsk, Bretonsk, Italjaansk en Ingelsk. Dêrnjonken hat se teminsten ien ferske yn it Spaansk, Dútsk, Japansk, Iersk, Welsk en Turksk songen. Bûten Frankryk krige Corbel bekendheid troch har meiwurking as filmkomponiste oan 'e tekenfilm Arrietty (2010). Har libbenspartner is lietsjeskriuwer Simon Caby, dy't ek har mei-komponist is.
Fluch de feiten
Cécile Corbel | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Cécile Corbel | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 28 maart 1980 | |
berteplak | Pont-Croix (Bretanje) | |
etnisiteit | Bretonsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Keltysk, wrâldmuzyk | |
sjongtaal | Frânsk, Bretonsk, Italjaansk, Ingelsk e.o. | |
ynstrumint | stim, harp | |
grutste hit(s) | Arrietty's Song | |
jierren aktyf | 2002 – no | |
offisjele webside | ||
cecile-corbel.com |
Slute