Konstantinopel
From Wikipedia, the free encyclopedia
Konstantinopel is de eardere namme fan de tsjintwurdige stêd Istanbûl oan de Bosporus. Noch earder hjitte de stêd Byzantium. Istanbûl is noch altiten de wichtichste en grutste stêd fan Turkije.
- Byzantium wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: Byzantium (betsjuttingsside).
Konstantinopel wie de haadstêd fan it Romeinske Ryk (330-395), it East-Romeinske (Byzantynske) Ryk (395-1204 en 1261-1453), de krúsfearderssteat dy't mar koart bestie, it Latynske Ryk (1204-1261), en it Ottomaanske Ryk (1453-1923).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Constantinople fan Wikimedia Commons. |