Butte (Montana)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Butte (útspr.: [bju:t], likernôch: "bjûût") is in stêd yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Montana. It is it haadplak fan it omlizzende Silver Bow County, wêrmei't it ien feriene bestjoer hat as de consolidated city-county Butte-Silver Bow. It wurd butte is in Ingelske term foar "steile heuvel". Butte waard yn 1864 stifte en wie oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw en it begjin fan 'e tweintichste iuw ien fan 'e grutste mynstêden fan 'e Feriene Steaten. Neffens in offisjele skatting út 2016 hie de stêd doe krapoan 34.000 ynwenners.
Fluch de feiten
Butte | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Montana | |
County | Silver Bow County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 33.853 (2016) | |
Oerflak | 1.856,6 km² (ynkl. wetter) 1.855,1 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 18,2 / km² | |
Hichte | 1.688 m | |
Oar | ||
Stifting | 1864 | |
Tiidsône | UTC –7 | |
Simmertiid | UTC –6 | |
Koördinaten | 46°0′23″N 112°31′47″W | |
Kaart | ||
De lizzing fan Butte (read) yn Silver Bow County en yn 'e steat Montana. |
Slute