Burgenland
From Wikipedia, the free encyclopedia
Burgenland (Kroatysk: Gradišće, Hongaarsk: Őrvidék) is de meast eastlike dielsteat fan Eastenryk en neffens it tal ynwenners is it ek de lytste dielsteat. Eartiids makke Burgenland diel út fan it Keninkryk Hongarije. Neffens it yn 1920 Ferdrach fan Trianon kaam it gebiet fan de dielsteat oan de nije Republyk Eastenryk ta.
Burgenland
Gradišće / Őrvidék | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje | |
Geografy | |
Soarte gebiet | dielsteat (Bundesland) |
Lân | Eastenryk |
Haadstêd | Eisenstadt |
Oerflak | 3.965,2 km² |
Befolking | |
Ynwennertal | 294.436 (2020) |
Befolkingstichtens | 74 / km² |
Bûtenlanners | 9,2 (2020) |
Amtlike taal | Dútsk, Hongaarsk, Kroatysk |
Polityk | |
Landeshauptmann | Hans Peter Doskozil (SPÖ) |
Regearjende partijen | SPÖ |
Ferdieling sitten yn dielsteatsparlemint (Landtag, 36 sitten) | SPÖ: 19 fan 36 ÖVP: 11 fan 36 FPÖ: 4 fan 36 Grüne: 2 fan 36 |
Lêste ferkiezings | 26 jannewaris 2020 |
Folgjende ferkiezings | 2025 |
Sitten yn Federale Ried | 4 |
Oar | |
Folksliet | Mein Heimatvolk, mein Heimatland |
ISO 3166-2 | AT-1 |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Webside | www.burgenland.at |
Burgenland wie en is yn mannich opsicht in grinslân. Iuwen waard om de streek striid levere troch It Hillige Roomske Ryk mar ek Hongarije makke oanspraken op Burgenland. Yn de 16e en 17e iuw hie Burgenland slim te lijen fan de Turkse agresje. Mear resint lei Burgenland oan it Izeren Gerdyn en lei it wat fansiden, sadat Burgenland it earmhûs fan Eastenryk wie. Mar ek geologyske, botanyske, dierkundige en klimatologyske eigenskippen meitsje fan Burgenland in grins- en oergongsgebiet.