From Wikipedia, the free encyclopedia
Brummen is in gemeente yn de provinsje Gelderlân, dy't ûntstien is yn 1811. De gemeente hat 21.306 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) en in oerflak fan 85,05 km² (wêrfan 1,03 km² wetter).
Broek, Cortenoever, Eerbeek, Empe, Hall, Leuvenheim, Oeken, Tonden en Voorstonden.
It haadplak Brummen leit oan de Isel tusken Sutfen en Dieren. It lanlik gebiet fan de gemeente rint fan it Apeldoorns Kanaal oant Eerbeek op de eastrâne fan de Feluwe. Binnen de grinzen fan de gemeente Brummen lizze in oantal lângoeden, kastielen en steatlike lânhuzen as Hûs den Bosch, Kastiel Grut Engelenburch, Hûs Lyts Engelenburch, Kastiel Reuversweerd, Kastiel De Rees, Hûs te Eerbeek en de tunen fan de bûtenpleats Spaensweerd.
It gebiet fan de gemeente Brummen wurdt al milennialang bewenne, mar oer dy âldste skiednis is net folle bekend. De namme "Brummen" dûkt foar it earst op op in oorkunde wêryn in oantal lannen skonken wurde fan greve Wrachari oan Liudger. Yn dy oarkunde wurdt sprutsen fan Brimnum, yn 794. Op dit jiertal wurde fieringen fan it bestean fan Brummen basearre. Yn 1994 waard it 1200-jierrich jubileum grut fierd.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.