Brooksberchtme
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Brooksberchtme (Ingelsk: Brooks Range; Kûtsjin: Gwazhał), of yn Kanada it Britsk Berchtme, is in heechberchtme yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Alaska en it Kanadeeske territoarium Yukon. It rikt fan 'e Tsjûktsjensee oant it streamgebiet fan 'e rivier de Mackenzie. It Brooksberchtme is òf de noardlikste útrinner fan 'e Rocky Mountains, òf in selsstannich ûnderdiel fan 'e Noardamerikaanske Kordillera (de mienings binne ferdield). De heechste top is de Mount Isto, mei in hichte fan 2.736 m boppe seenivo.
Fluch de feiten
Brooksberchtme of Britsk Berchtme | ||
![]() | ||
![]() | ||
It Brooksberchtme sjoen fan 'e Galbraithmar ôf. | ||
geografy | ||
diel fan | Rocky Mountains | |
regio | Binnenlân fan Alaska Noarderbedelte noardlike Yukon | |
lân | ![]() ![]() | |
steat / terr. | ![]() ![]() ![]() | |
sifers | ||
oerflak | ±250.000 km² | |
lingte | 1.100 km | |
breedte | 240 km | |
heechste punt | Mount Isto | |
hichte | 2.736 m | |
geology | ||
yndieling | heechberchtme | |
âldens | 126 miljoen jr | |
stiensoarte | kalkstien | |
kaart | ||
![]() | ||
De lizzing fan it Brooksberchtme yn Alaska en de Yukon. |
Slute