Britske prinsen-gemaal en keninginnen-gemalinne
Wikimedia-list / From Wikipedia, the free encyclopedia
De Britske prinsen-gemaal en keninginnen-gemalinne (Ingelsk: royal consort) binne de oarehelten fan de Britske monargen, dy't fan 1707 ôf de monargen fan it keninkryk Grut-Brittanje en it Feriene Keninkryk wiene. De prinsen-gemaal wiene de oarehelten fan de keninginnen, wylst de keninginnen-gemalinne de oarehelten fan de kening wiene. Prins Philip, de oarehelte fan keninginne Elizabeth II wie de langst tsjinjende en âldste oarehelte fan in Britske monarch. Syn skoanmem, keninginne-mem Elizabeth Bowes-Lyon, dy't yn de âldens fan 101 jier ferstoar, wie lykwols âlder, mar hie net de posysje as keninginne-gemalinne, want har man, kening George VI ferstoar 50 jier earder.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/e/e3/Queen%2Bphilipp.jpg)
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/1/1a/Prince_Albert_-_Partridge_1840.jpg/640px-Prince_Albert_-_Partridge_1840.jpg)