Bristol (Ingelân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Bristol is in stêd yn Ingelân, 190 km westlik fan London mei sa'n 410.300 ynwenners (2010), dy leit oan de mûning fan rivier de Avon. It is in stêd en in seremoanjeel greefskip fan Ingelân. Dy situaasje is unyk yn Ingelân, alle oare stêden mei de status fan in Unitary Authority hawwe net de status fan greefskip. De stêd hat in ynternasjonale haven en is in bekend sintrum fan fleantúchyndustry, mei BAE Systems, dêr't guon fan de Concordes boud waarden. Ek is Bristol in sintrum foar auto- en wynymport. Cameron Ballonnen yn Bedminster beweare dat se de grutste fabrikant fan hjitteloftballons binne. De stêd hat in âld sintrum en in ferneamde universiteit. De Clifton Suspension Bridge waard yn 1830 ûntwurpen troch de ferneamde yngenieur Isambard Kingdom Brunel. Yn Bristol stiet ek it âldste teater fan Ingelân, it Theatre Royal út 1766.
Bristol | ||
It wapen en biedwurd fan Bristol | ||
Polityk | ||
Lân | Ingelân | |
Provinsje | Bristol | |
Gemeente | Bristol | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 441 300 (2010) | |
Oerflak | 110 km² | |
Befolkingsticht. | 3 639 / km² | |
Hichte | 10 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | BS | |
Tiidsône | GMT | |
Koördinaten | 51° 27′, -2° 35′ | |
Offisjele webside | ||
www.visitbristol.co.uk |
Yn de Twadde Wrâldkriich rûn de stêd in soad skea op.