Brân
From Wikipedia, the free encyclopedia
In brân (mt.: brannen) is in fertarring troch fjoer dy't him, as er net aktyf bestriden wurdt, ûnbeheind útwreidet, grutte materiële skea oanrjochtsje kin, en by minske en bist ta ferwûnings of sels ta de dea liede kin. Der binne ferskate soarten brannen, lykas in stedsbrân, wêrby't in grut diel fan in stêd yn flammen opgiet, en in natoerbrân, in natuerlik foarkommende grutte brân yn wyldernisgebieten, lykas in boskbrân, dúnbrân of feanbrân. Brânbestriding is it wurkmêd fan 'e brânwacht, mar elkenien kin wat dwaan oan brânfeiligens en brânprevinsje, wêrmei't men war docht om it útbrekken fan brân foar te kommen.
- Dizze side giet oer brân yn 'e sin fan fertarring troch fjoer. Foar oare betsjuttings, sjoch: brân (betsjuttingsside).