Boeing B-17 'Fleanend Fort'
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Boeing B-17 Fleanend Fort ( Flying Fortress) wie in fjouwermotorige swiere bommewerper dy't yn de jierren trittich fan de 20e iuw foar de Loftfeartôfdieling fan it Amerikaanske leger (United States Army Air Corps/(USAAC) ûntwurpen waard. Boeing moast konkurrearje mei Douglas en Martin foar in kontrakt foar de bou fan 200 bommesmiters; it Boeing-ûntwerp wie it bêste en foldie skoan oan de easken fan de Loftfeartôfdieling. Hoewol't Boeing it kontrakt earst net krige fanwege it ferûngemakjen fan it prototype, wie de Loftfeartôfdieling tige ûnder de yndruk fan it ûntwerp en bestelden sy dochs 13 B-17's foar fierdere evaluaasje. Fan syn yntroduksje yn 1938 ôf trochrûn de B-17 tal fan oanpassingen en ferbetteringen.
Boeing B-17 Flying Fortress'' | |
---|---|
Rol | Swiere bommesmiter |
Makker | Boeing |
Earste flecht | 28 july 1935 |
Yn tsjinst | april 1938 |
Ut tsjinst | 1968 (Brazyjaanske Loftmacht) |
Farianten | XB-38 Flying Fortress, YB-40 Flying Fortress, C-108 Flying Fortress |
Tal makke | 12.731 fan 1936–1945 |
Grutste brûkers | USAAF, RAF |
De B-17 waard yn de Twadde Wrâldkriich fierwei it meast brûkt, troch de United States Army Air Forces (USAAF), foar de presisy strategyske bombardeminten op Dútske yndustriële en militêre objekten. Dat barde by deiljocht. De United States Eighth Air Force mei syn basis op it fleanfjild Thorpe Abbotts yn Ingelân en de Fifteenth Air Force, stasjonearre yn Itaalje folden de nachtbombardeminten fan RAF Bomber Command oan; tegearre fierden Operation Pointblank út om it oerwicht yn de loft boppe stêden, fabriken en de slachfjilden fan West-Jeropa yn de oanrin ta Operation Overlord feilich te stellen. De B-17 waard ek op lytsere skaal ynset yn de oarloch tsjin Japan, yn de Pasifyske Oseaan.
De USAAC (letter USAAF) seach de B-17 fan begjin ôf oan as in wichtich strategysk wapen; in tastel mei in grutte potinsje, dat heech fleane koe; in lange-ôfstân bommesmiter dy't himsels ferdigenje koe en in protte skea ferneare koe en dochs feilich werom komme koe. De B-17 krige rillegau in hast mytyske status, oeral sirkulearren foto's fan- en ferhalen oer swier skansearre Fleanende Forten dy't dochs trochfleane koene. Mei in tsjinstplafond grutter as dat fan oare Alliearde 'tiidgenoaten', wie de B-17 in effektyf wapensysteem dy't mear bommen op Dútslân smiet as hokker oar Amerikaansk tastel yn WOII dan ek. Fan de 1.5 miljoen ton bommen dy't Amerikaanske tastellen op Dütslân smieten, wiene 640.000 ton fan B-17s.