Bob Saget
From Wikipedia, the free encyclopedia
Robert Lane "Bob" Saget (Philadelphia, 17 maaie 1956 - Orlando (Floarida), 9 jannewaris 2022) wie in Amerikaanske akteur, presintator en stand-up comedian. Hy wie foaral bekend fan syn rol yn Full House (1987–1995) en as presintator fan America's Funniest Home Videos (1989-1997). Hy die ek mei yn How I Met Your Mother as de stim fan de âlde Ted.
Fluch de feiten
Bob Saget | ||
akteur | ||
Bob Saget, 2015 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Robert Lane Saget | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 17 maaie 1956 | |
berteplak | Philadelphia | |
stoarn | 9 jannewaris 2022 | |
stjerplak | Orlando (Floarida) | |
jierren aktyf | 1979 – 2022 |
Slute
Saget wie ek bekend om syn op folwoeksenen oriïntearre stand-up comedy; syn album That's What I'm Talkin' About út 2014 waard nominearre foar de Grammy Award foar Bêste Comedy Album.