From Wikipedia, the free encyclopedia
Blauwestêd (Nederlânsk: Blauwestad) is in nij doarp oan de Aldamtmar yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. It hie op 1 jannewaris 2023 1.290 ynwenners.
Blauwestêd | ||
Blauwestêd (2022) | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Aldamt | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.290 (2023) [1] | |
Oerflak | 40,05 km² wêrfan lân: 34,91 km² wêrfan wetter: 5,14 km² | |
Befolkingsticht. | 32 ynw. / km² | |
Oar | ||
Stifting | 2005 | |
Postkoade | 3509 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 10' N 7° 2' E | |
Offisjele webside | ||
Webstee fan Blauwestêd | ||
Kaart | ||
It doarp Blauwestêd, dêr't de namme yn desimber 2005 offisjeel fan erkend waard as de plaknamme, is part fan it projekt Blauwestêd. It doarp wie oant 1 jannewaris 2010 ferdield oer de gemeenten Scheemda, Wynskoat en Reiderlân en seach syn ynwennertal de lêste jierren omheech gean. It doarp hie op 1 jannewaris 2012 385 ynwenners en it hie op 4 oktober 2019 al 665 ynwenners.
Blauwestêd leit tusken Scheemda en Beerta. It gruttere plak Wynskoat leit ek flakby.
It projekt bestiet út it oanlizzen fan in nije mar fan goed 800 bunder: de Aldamtmar, it oanlizzen fan 350 bunder nij natuergebiet en it oanlizzen fan fiif wengebieten mei elts in eigen útstrieling. Dy wengebieten binne:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.