Blauwe finfisk
From Wikipedia, the free encyclopedia
De blauwe finfisk (Balaenoptera musculus) is in yn de see libjend sûchdier dat heart ta de ynfraoarder fan de bleinwalfisken (Mysticeti).
De blauwe finfisk is - foar safier no bekend - it grutste bist dat ea op ierde libbe. Folwoeksen eksimplaren kinne in lingte fan ± 33 meter en in maksimaal gewicht fan 170 ton berikke. Om in idee fan de grutte te hawwen: de tonge fan de blauwe finfisk is like grut as in oaljefant en waacht ûngefear 2 ton.
In blauwe finfisk hat in longkapasiteit fan 5000 liter en in hert fan 500 kilo. It bist hat mar in lytse rêchfin dy't koart sichtber is by it dûken. By it útazemjen ûntstiet in spektakulêre wetternevel fan ± 9 meter hichte.
Nettsjinsteande de mânske ôfmjittings hat de blauwe finfisk in slank foarkommen en kin it by it swimmen in snelheid berikke fan 40 - 50 kilometer yn it oere.
It gewicht fan in blauwe finfisk kin wol sterk wikselje mei it seizoen. Yn de waarme tiid frette se har hielendal fol yn de kâlde wetters by de poalen. Fjouwer moannen slokke se in ferskuorrende protte kreeftkes op: soms wol 4000 kilogram op in dei. Sa bouwe se in flinke speklaach op, dêr't se de rest fan it jier op tarre kinne. Oan de ein fan de simmer lûke se nei waarmere wetters, dêr't de wyfkes eventueel in jong krije. Se frette dan hielendal neat mear, mar fiede wol harren jong. Yn de sân moannen fan de sûchperioade kin in wyfke leafst in kwart fan har lichemsgewicht (± 25 ton) ferlieze. Har jong waacht by de berte sa'n 2 ton.
In bist fan dizze grutte kin allinnich yn wetter libje. Op it lân soe it bist smoare mei't it troch syn eigen boarstkas sakket en dus net sykhelje kin.