Bjirmsk
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Bjirmsk is de foarm fan it Klaaifrysk sa't dat sprutsen wurdt yn rûchwei de eardere gemeente Barradiel, oan 'e Waadkust benoarden Harns.
Fluch de feiten
Bjirmsk | ||
algemien | ||
eigen namme | Bjirmsk | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | ±5.000 | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Frysk ● Westerlauwersk Frysk ● Klaaifrysk ● Bjirmsk | |
dialekten | gjint |
Slute
Dizze taalfariant tanket syn namme oan 'e trije "Bjirmen" (Seisbierrum, Pitersbierrum en Easterbierrum), mar wurdt likegoed sprutsen yn Winaam, Kleaster-Lidlum, Tsjummearum en Furdgum, wylst Minnertsgea in oergongsposysje ynnimt.
It Bjirmsk ûnderskiedt him fan 'e rest fan it Klaaifrysk troch û.m. de klankferskowings fan [o:] nei [a.ṷ], yn wurden as "do" (de fûgel) en "ko" (dy't dus útsprutsen wurde as dau en kau), en fan [ɛ:] nei [ɪ] yn in wurd as "rêch" (dat dus útsprutsen wurdt as rich).