Metalen bikiny fan prinsesse Leia
From Wikipedia, the free encyclopedia
De metalen bikiny fan prinsesse Leia is in kostúm dat yn 1983 yn inkele sênes fan 'e science fiction-film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi droegen waard troch Carrie Fisher yn har rol as prinsesse Leia. It stik klean makke sawol it personaazje as de aktrise op slach ta sekssymboal. Neitiid berikte it yn 'e Westerske popkultuer ikoanyske status. De metalen bikiny fan prinsesse Leia wurdt troch froulike fans fan 'e Star Wars-franchise gauris brûkt foar cosplay. It is boppedat in ûnmisber elemint yn Star Wars-parodyen.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/fy/thumb/f/fa/Princess_Leia_bikini-Return_of_the_Jedi_%281983%29.jpg/180px-Princess_Leia_bikini-Return_of_the_Jedi_%281983%29.jpg)