From Wikipedia, the free encyclopedia
In gebed is in oanropping of fysike hanneling die dêr't men in reäksje mei besiket los te krijen fan in godheid, in foarwerp fan ferearing of in spiritueel wêzen troch de wei fan opsetlike kommunikaasje. Gebedens kinne in foarm fan religieuze praktisearring wêze, en kinne dêrby plakfine as yndividuële of mienskiplike ûndernimming, yn it iepenbier of yn beslettenens, yn stiltme of mei spraak of sang. As der wurden foar brûkt wurde, kin in gebed de foarm oannimme fan in hymne, in út 'e holle learde formule, in formele leauwensbelidenis of in spontaan opseine of preuvele utering.
Der besteane ûnderskate foarmen fan gebedens, lykas ôfsmeking, tanksizzing, bycht en lofpriizging. Men kin in gebed opdrage oan ien of mear goaden, geasten of ferstoarnen (bgl. jins foarâlden), mar men kin ek in ferheft ideaal oanbidde. In doel foar gebedens kin wêze om te ferearjen, lieding te freegjen, help ôf te smeekjen, sûnden op te bychtsjen of gewoan om jins gefoelens en tinzen út te sprekken; men kin bidde foar jinsels of foar oaren.
De measte grutte en minder grutte godstsjinsten omfiemje wol de iene of oare foarm fan gebed. Guon ritualisearje de gebedsdie en lizze har leauwenden in strikt oan te hâlden opienfolging fan dieden en útspraken op, of lizze sels beheinings op oangeande wa't der bidde mei en oan wa. Oare religyen leare harren folgelingen krekt dat it gebed in folslein spontane die wêze moat om't it oars gjin sin hat. It bekendste gebed, alteast yn 'e Westerske wrâld, is nei gedachten it kristlike Us Heit.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.