Bewustwêzen
From Wikipedia, the free encyclopedia
Bewustwêzen kin omskreaun wurde as subjektive refleksje op yndrukken út de bûtenwrâld (witte fan watst sjochst, hearst of fielst en dêroer fertelle kinne) of op eigen mentale prosessen (witte wat der yn dy omgiet en dêroer fertelle kinne). Oars sein: bewustwêzen is in tastân fan de geast dy't kenmerke is troch in besef fan it eigen ik en de omjouwing.[1] It is in ûnderwerp fan stúdzje yn de moderne filosofy, psychology en kognitive neurowittenskip.
De term "bewustwêzen" is ôflaat fan it Dútske Bewusstsein, yntrodusearre troch de filosoof Christian Wolff (1679-1754). Besibbe begripen binne: besef, noasje, jin realisearje, weet hawwe, trochkrongen wêze (fan), yn de gaten hawwe en yn sekere sin ek besinning en gewisse.
Oer it bewustwêzen besteane in soad ferskillende fyzjes. By guon fyzjes steane benammen de wiisgearige en teoretyske ymplikaasjes sintraal. Bewustwêzen wurdt yn de psychology globaal op twa manieren definiearre, nammentlik as in bewustwêzenstastân, of as in belibbing fan de omjouwing en it eigen ik. Us bewustwêzenstastân kin fluktuearje tusken wake en sliep. De twadde foarm fan bewustwêzen hat te krijen mei ús subjektive -of eksplisite- belibbing fan foarfallen yn de omjouwing. Us gedachten, gefoelens, ûnthâld en ûnderfinings, en it eigen gedrach; dus wat de filosofen it A-bewustwêzen neame.