Benelúks
From Wikipedia, the free encyclopedia
Benelúks (Frânsk: Bénélux) is sûnt 1944 in ekonoamyske uny yn West-Jeropa wêryn't trije buorlannen, Belgje, Nederlân, en Lúksemboarch sitte. De namme is foarme troch de earste letters fan de lannen te bonneljen. De uny hat ta doel; iepen grinzen, mar mei de komst fan 'e Jeropeeske Uny is dat net mear fan tapassing.
De Benelúks is 74.102 km² grut, mei 27,2 miljoen ynwenners. Fan 2010 ôf, mei de yngong fan it nije ferdrach (Benelux#Benelux na 2010: Benelux Unie), sil de Benelúks net mear allinnich op ekonomysk gebiet optrede mar ek by duorseme ûntjouwing, justysje en binnenlânske saken. De offisjele benamming sil dan yn Benelúks Uny feroarje.