![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/1/14/Bavarianpinevole.jpg/640px-Bavarianpinevole.jpg&w=640&q=50)
Beierske wrotmûs
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Beierske wrotmûs (Latynske namme: Microtus bavaricus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ûndergrûnske wrotmûzen fan de Alde Wrâld (Terricola). Dit bist waard foar it earst as soarte beskreaun troch soölooch Claus König, yn 1962. De status fan 'e Beierske wrotmûs as in aparte soarte is yn 2007 befêstige troch genetysk ûndersyk, al is er tige nau besibbe oan 'e liechtensteinwrotmûs (Microtus liechtensteini) út 'e eastlike Alpen. Der binne 23 opsette eksimplaren yn museumkolleksjes.
Fluch de feiten taksonomy, soarte ...
Beierske wrotmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Microtus bavaricus | ||||||||||||
König, 1962 | ||||||||||||
IUCN-status: krityk
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
Slute