Batterij
From Wikipedia, the free encyclopedia
In batterij (fan it Frânske batterie) is in elektrotechnyske komponint en spanningsboarne, it is in kombinaasje fan ien of mear elektryske sellen, dy't brûkt wurde foar de omsetting fan opsleine gemyske enerzjy yn elektryske enerzjy. Dat kin wer as elektryske enerzjy - stroom - levere wurde. Histoarysk wurdt in oantal parallel of yn searje skeakele elektrogemyske sellen, Leienske flessen of kondinsators in 'batterij' neamd, yn de folksmûle hat de inkele sel fan de batterij de namme fan it gehiel oernomd.
- Dizze side giet oer de elektro-technyske boarne fan enerzjy. Foar de artillery-ienheid, sjoch: batterij (artillery).
It symboal foar in batterij yn in elektrysk skema:
It + en - teken wurde faak weilitten omdat oan de grutte fan de "platen" yn de tekening te sjen is hokker side de + en hokker de - is. In ezelsbrechje is dat foar it "+" teken twa kear safolle streek nedich is als foar it "-" teken.