From Wikipedia, the free encyclopedia
Baltrum is ien fan de waadeilannen foar de kust fan East-Fryslân. It is it middelste en ek it lytste fan de sân bewenne Eastfryske eilannen. It eilân heart ta de dielsteat Nedersaksen en it distrikt Auwerk. Baltrum hat minder as 500 ynwenners. Der binne twa doarpen: Westerdoarp en Eastdoarp.
| |||
Oerflak | 6.5 km² | ||
Tal ynwenners | Likernôch 599 (2020) | ||
Webstee | http:// www.baltrum.de/ |
It eilân hat in oerflak fan likernôch 6.5 kilometer, it is 5 kilometer lang en 1 kilometer breed. It heechste punt fan it eilân is in dún midden op it eilân, fan 19,3m heech.
It lânskip op Baltrum is foarme út poalwoastynsân fan de lêste iistiid, it Weichselien. Op de sânbanken ûntstienen dunen en efter de dunen koe de klaaigrûn har foarmje. Peallerigen en basaltblokken beskermje de kust tsjin ôfkalving.
Nei it westen leit oare kant de Wichter Ie it eilân Nordeneach en nei it easten oare kant de Akkumer Ie leit Langereach.
Op Baltrum mei net autoriden wurde. It eilân is mei de fearboat yn likernôch 30 minuten te berikken fan Nesmersyl út. Op it eilân is in lyts fleanfjild. Tusken 1949 en 1985 wie der in spoarlyntsje en in bedriuw op it eilân.
Fryske eilannen |
---|
Westfryske eilannen: |
· · |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.