Auke Bert Pattist (Bilthoven, 9 oktober 1920Oviedo, 21 maart 2001) wie in Nederlânsk plysje en oarlochsmisdiediger. Syn bynamme wie 'de Beul fan Drinte'.

Fluch de feiten
Auke Pattist
militêr
Thumb
Pattist yn SS-unifoarm
persoanlike bysûnderheden
bynammeBeul fan Drinte
nasjonaliteitflagge fan Nederlân Nederlânsk
flagge fan Spanje Spaansk
berne9 oktober 1920
berteplakBilthoven
stoarn21 maart 2001 (80 jier)
stjerplakOviedo
wurkpaad
yn tsjinst fan Nazy-Dútslân
legerûnderdiel SS
heechste rang SS-Untersturmführer
treffen(s)Eastfront (Twadde Wrâldoarloch)
Slute

Pattist wie by it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch plysje yn Amsterdam. Dêr die er aktyf mei oan razzia's op ûnderdûkte joaden. Hy waard lid fan de SS en focht mei de Dútsers mei oan it eastfront. Letter naam er de Dútske nasjonaliteit oan. Yn 1944 kaam er as offisier by de Waffen-SS werom nei Nederlân. Yn Hollandscheveld waard er aktyf by it finen fan Joaden en ûnderdûkers. Hy wie wreed ferneamd om syn omgong mei finzenen, dêr't er geregeld tramtaasje en skyneksekúsjes by tapaste. Hoewol't Auke Pattist foar safier bekend sels gjin finzenen ombrocht hat, waard er wol ferantwurdlik hâlden foar de dea fan in soad fan syn finzenen.

Nei de oarloch waard Pattist arrestearre en finzen naam. Hy wist lykwols yn 1946 út de finzenis yn Arnhim te ûntkommen. Hy flechte nei Dútslân en kaam yn 1956 yn Spanje telâne. Diktator Franco ferliende him it steatsboargerskip. Yn Nederlân wie er al by ôfwêzichheid ta libbenslange finzenisstraf feroardiele foar mishanneling en lânferrie.

Lange tiid wie Auke Pattist net te finen foar de Nederlânske justysje. De amateur-histoarikus Albert Metselaar út Drinte kaam lykwols efter it adres fan Pattist yn Spanje. Nazy-jager Simon Wiesenthal sette Pattist doe op de list fan ynternasjonaal sochte oarlochsmisdiedigers. De Spaanske autoriteiten wegeren lykwols Pattist út te leverjen.

Yn maaie 2001 ferstoar Auke Pattist yn de âldens fan 80 jier yn syn wenplak Oviedo. De Spaanske autoriteiten dienen noch ûndersyk nei de tadracht fan syn ferstjerren.

Keppelingen om utens

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.