![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/6/6f/Asia_Carrera_iafd.jpg/640px-Asia_Carrera_iafd.jpg&w=640&q=50)
Asia Carrera
From Wikipedia, the free encyclopedia
Asia Carrera, echte namme: Jessica Andrea Steinhauser en troch har houlik ek bekend as Asia Lemmon of Asia Carrera Lemmon (New York, 6 augustus 1973), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Hja brûkte ier yn har karriêre ek wol de artystenammen Jessica Bennett of koartwei Asia (net te betiizjen mei in oare aktrise mei dy namme). Carrera sette yn 1993 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Se wie yn 'e 1990-er jierren ien fan 'e bekendere Amerikaanske pornoaktrises. Carrera wûn twaris in prestizjeuze AVN Award, wêrûnder yn 1995 dy foar artyste fan it jier. Ek waard se opnommen yn sawol de AVN Hall of Fame as de XRCO Hall of Fame. Yn 2005 beëinige se har karriêre.
Asia Carrera | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Asia, Jessica Bennett, Asia Lemmon, Asia Carrera Lemmon | |
echte namme | Jessica Andrea Steinhauser | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 6 augustus 1973 | |
berteplak | New York (New York) | |
etnisiteit | ![]() ![]() | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1993 – 2005 | |
offisjele webside | ||
www.asiacarrera.com |
Net te betiizjen mei Asia, in oare Amerikaanske pornoaktrise.