From Wikipedia, the free encyclopedia
Sir Arthur George Tansley (Londen, 15 augustus 1871 - Grantchester, 25 novimber 1955), wie in Ingelsk botanikus.
Tansley wie in pionier op it mêd fan de ekology. Fan begjin ôf oan waard er bot beynfloede troch de Deenske plantenekolooch Eugenius Warming. Hy ferdigene de term ekosysteem yn 1935 en ekotoop yn 1939. Hy wie ien fan de oprjochters fan de British Ecological Society en tweintich jier lang redakteur fan Journal of Ecology.
Yn 1941 eare de Linnean Society of London Tansley foar syn fertsjinsten foar de plantkunde mei de Linnean Medal.
Tansley joech les oan it University College London fan 1893 oant 1907. Yn 1907 waard er lektor oan de Universiteit fan Cambridge. Yn de Earste Wrâldoarloch waard er net folle ûnderrjochte op de universiteit en Tansley waard klerk op it Ministearje fan Munysje. Yn 1923 joech er syn funksje yn Cambridge oer en ferfear er nei Wenen om dêr in jier lang psychology by Sigmund Freud te studearjen. Nei fjouwer jier ôfwêzigens fan de akademy waard Tansley beneamd ta Sherardian Professor of Botany oan de Universiteit fan Oxford dêr't er oant syn pinsjoen yn 1937 bliuwe soe.
Tansley boaske yn 1903 Edith Chick, in earder studinte mei wa't er twa artikels skreau. It pear krige trije dochters: Katharine, Margaret en Helen. Lady Edith Tansley stoar yn 1970.
It botanyske tydskrift New Phytologist, dat troch Tansley opjochte waard yn 1902, publisearret yn alle nûmers in spesjaal artikel ûnder de namme 'Tansley Review'. Dy rige waard ferneamd nei Tansley as erkenning foar syn brede ynteresse yn de disipline as gehiel.
In kar:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.