From Wikipedia, the free encyclopedia
De Arawakken of Arowakken binne in kloft Yndiaanske folken dy't eartiids, op de ein fan de 15e iuw op de Antillen, yn it Amazônebekken, yn Floarida, en oan 'e foet fan 'e Andes wennen. De talen dy't se sprutsen, hearre ta de Arawakske taalfamylje.
De bekendste Awakske stamme wiene de Taïno, dy't op Hispanjoala, Porto Riko, en de eastlike útein fan Kuba libben (of libje, as we de Arawakken dy't harren tsjintwurdich de Taino neame, meitelle). De Arawakken dy't op de Bahama's libben, waarden de Lûkayanen neamd.
Likernôch fiiftûzen jier lyn teagen Arawakken dy't oan de rivier de Orinoko libben (Barrankos-kultuer) fan it westen út de Guyana's binnen, en ferdreaune de oarspronklike Yndiaanske befolking fan de kuststreek nei de savanne. Sy gongen op in soarte fan terpen by de kust lâns wenjen, en libben fan lânbou. Om-ende-by 1100 foelen de Kariben it gebiet yn en sa kaam in ein oan de terpekultuer fan de Arawakken. Sûnt dy tiid libben sy fan stikjes kostgrûn mear it binnenlân yn.
Yn Suriname wennen ein 18e iuw sa'n sântichtûzen Arawakken. Tsjintwurdich libje der yn Suriname noch mar trijetûzen, en yn Nederlân om-ende-by 500. De Arawakken, dy't eartiids mei de Kariben de oarspronklike befolking fan Suriname wiene, binne yn distiid de lytste befolkingskloft yn Suriname. Sy neame harsels Lokono of Lokonon.
Yn 1986 rjochte de út Kasipora ôfkomstige Arawak Albert Sabajo de Sosjaal Kulturele Ferieniging Ikyoshie ('ljochtpuntsje) op. Yn 1989 waard in Arawaksk-Nederlânsk taalboek útjûn, yn 'de mande mei de Universiteit fan Amsterdam.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.