Antígoné
From Wikipedia, the free encyclopedia
Antígoné, yn it oarspronklike Aldgryksk Ἀντιγόνη, Antigonē, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Sofoklês (496-406 f.Kr.). It is in trageedzje dy't diel útmakket fan 'e saneamde Tebaanske Trilogy (mei Kening Oidipoes en Oidipoes yn Kolonos), wêrfan't it it trêde diel foarmet, al is it as earste skreaun. In oare Grykske toanielskriuwer, Euripides, hie ek in stik dat fan Antígoné hiet, mar dat is op in pear fragminten nei ferlern gien. Yn Antígoné is de haadrol weilein foar Oedipoes syn dochter Antígoné, dy't foar in dilemma komt te stean: it earfolle dwaan en dan ta de dea feroardiele wurde, of har slûksturtsjend katoen hâlde en trochlibje. Hja kiest foar de earfolle wei, wat in katastrôfe opsmyt foar it keningshûs fan Tebe. Sofoklês skreau dit toanielstik yn of foàr it jier 441 f.Kr., doe't it opfierd waard as ûnderdiel fan 'e toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma ferskynde yn 1991.
Antígoné | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Ἀντιγόνη | |
auteur | Sofoklês | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 441 f.Kr. | |
1e opfiering | 441 f.Kr., Atene | |
rige | ||
rige | Tebaanske Trilogy | |
● foarich diel | Oidipoes yn Kolonos | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Antígoné | |
publikaasje | 1991, Aldemardum | |
útjouwer | eigen behear | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
ISBN oers. | gjint |