From Wikipedia, the free encyclopedia
André Thevet of André Theuvet (Angoulême, 1516 - Parys, 23 novimber 1590) wie in Frânske Fransiskaanske preester, ûntdekkingsreizger, geograaf en skriuwer dy 't yn de 16e iuw nei it Heine Easten en Súd-Amearika reizge. Syn wichtichste boek wie Les Singularitez de la France antarctique, dêr't er in tal ferskate boarnen en syn eigen ûnderfinings yn gearfoege ta wat in ferslach út de earste hân wêze soe fan syn ûnderfiningen yn France Antarctique, in Frânske delsetting yn de buert fan Rio de Janeiro.
Linnaeus neamde it geslacht Thevetia fan de Apocynaceae-famylje nei him.
André Thevet | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 1504 of 1516 | |
berteplak | Angoulême | |
stoarn | 23 novimber 1590 | |
stjerplak | Parys | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Preester | |
aktyf as | ûntdekkingsreizger, geograaf, skriuwer, sjoernalist |
Thevet waard berne yn Angoulême yn it súdwesten fan Frankryk. Doe't er tsien jier wie kaam er yn it kleaster fan de Fransiskanen fan Angoulême. Hy besocht Italië op itselde stuit as natuerûndersiker Guillaume Rondelet. Yn 1549, tanksij de stipe fan Jan, kardinaal fan Lotharingen, begûn er oan in wiidweidige ûntdekkingsreis nei Azië, Grikelân, Rhodos, [1] Palestina en Egypte. Hy beselskippe de Frânske ambassadeur Gabriel de Luetz nei Istanbul.
Suver fuortendaliks nei dy ekspedysje waard er kapelaan fan de float fan Nicolas Durand de Villegaignon, dy 't fan doel wie om in Frânske koloanje te stichtsjen yn de buert fan wat no Rio de Janeiro, Brazilië, is. Thevet kaam dêr op 10 novimber 1555 oan, mar bleau fanwegen sykte mar sa 'n 10 wiken yn de koloanje foardat er weromgie nei Frankryk fanwegen. Hy waard aalmoezenier fan Catherine de Médici en kaam letter yn tsjinst fan de kening.
Thevet stoar yn Parys op 23 novimber 1590. [2]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory André Thevet fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.