Amsterdamske Skoalle (boustyl)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Yn de skiednis fan de boukeunst heart Amsterdamske skoalle ta it tiidrek fan de Moderne Boukeunst, dêr't ek ûnder oaren De Styl, it Nije Bouwen, de Chicago Skoalle en it Ekspresjonisme rekkene wurde. Dizze boustyl kaam op tusken 1910 oant likernôch 1930 en is part fan de ynternasjonale ekspresjonistyske arsjitektuer, en wurdt somtiden ek wol yn ferbân brocht mei it Dútske bakstien-ekspresjonisme.
Dizze arsjitektuerstyl is útsoarte in reaksje op de saneamde neostilen. De eigen styl fan H.P. Berlage kin beskôge wurde as de basis fan de Amsterdamske Skoalle, hoewol't dizze in soberder karakter hat dan itjinge dat no yn dizze styl klassifisearre wurdt. Dêrom is de Amsterdamske Skoalle ek wer te sjen as in reaksje op it rasjonele wurk fan Berlage, en dan yn it bysûnder op de Beurs fan Berlage, omdat it útgiet fan ekspressive en fantastyske foarmen, besibbe oan it Ekspresjonisme. Dat de Beurs fan Berlage heard útdruklik net ta de Amsterdamske Skoallel, yn tsjinstelling fan wat in protte minsken tinke. De Beurs fan Berlage kin ek sjoen wurde as it begjin fan it Nederlânske Tradisjonalisme, dat oant de 1950er jierren bestien hat. Yn 1916 kritisearre Michel de Klerk de styl fan Berlage en omskreau er hoe't de nije styl fan bouwen (fan de Amsterdamske Skoalle) der út sjen moatte soe (Boukundich Wykblêd 45/1916).