![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/f/f5/Flag_of_the_United_States_%25281912-1959%2529.svg/langfy-640px-Flag_of_the_United_States_%25281912-1959%2529.svg.png&w=640&q=50)
Amerikaanske Legerloftstriidkrêften
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Amerikaanske Legerloftstriidkrêften (Ingelsk: United States Army Air Forces; ôfkoarte ta USAAF) foarmen ûnder de Twadde Wrâldoarloch en de jierren fuort dêrnei de de facto loftmacht fan 'e Feriene Steaten. Feitliks makke dizze komponint fan 'e kriichsmacht doe lykwols noch diel út fan 'e lânmacht, it Amerikaanske Leger. De Amerikaanske Legerloftstriidkrêften waarden yn juny 1941 oprjochte as opfolger fan it eardere Amerikaanske Legerloftfeartkorps (United States Army Air Corps). Benammen yn 'e striid tsjin nazy-Dútslân spilen se neitiid in krúsjale rol. Yn 1947 waarden de Legerloftstriidkrêften omfoarme ta in selsstannich diel fan 'e Amerikaanske Striidkrêften: de Amerikaanske Loftmacht (United States Air Force).
Fluch de feiten flagge, rûndiel ...
Amerikaanske Legerloftstriidkrêften United States Army Air Forces | |
---|---|
![]() flagge | ![]() rûndiel |
algemiene gegevens | |
lân | ![]() |
ûnderdiel | ![]() |
soarte | loftmacht |
bysûnderheden | |
haadkertier | Washington, D.C. (1941-1942) it Pentagon (Arlington County, Firginia) (1942-1947) |
sterkte | 2,4 miljoen man (1944) 80.000 fleantugen (1944) |
aktyf | 1941 – 1947 |
konflikten | |
Twadde Wrâldoarloch (1941-1945) |
Slute