Amerikaanske Kordillera
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Amerikaanske Kordillera is in keatling fan berchtmen yn it westlike part fan 'e Amearika's. It is in hast oaniensletten rige fan berchtmen dy't fan 'e noardpunt fan Alaska troch Noard-, Midden- en Súd-Amearika rinne, hielendal oant de útein fan it Antarktysk Skiereilân op Antarktika. De bekendste dielberchtmen fan dit systeem binne de Rocky Mountains yn Noard-Amearika en de Andes yn Súd-Amearika. De heechste berch fan dit systeem is de Aconcagua yn Perû, mei in hichte fan 6.961 m. De Amerikaanske Kordillera foarmet de eastlike helte fan 'e fulkanyske Ring fan Fjoer om 'e Stille Oseaan hinne.
Fluch de feiten
Amerikaanske Kordillera | ||
berchtme | ||
De Andes yn Perû. | ||
geografy | ||
diel fan | Ring fan Fjoer | |
regio | Amearika's en Antarktika | |
lân | 17 lannen (sjoch tekst) | |
sifers | ||
heechste punt | Aconcagua | |
hichte | 6.961 m | |
geology | ||
yndieling | heechberchtme | |
stiensoarte | ferskaat | |
kaart | ||
Noardamerikaanske Kordillera Middenamerikaanske Kordillera Súdamerikaanske Kordillera |
Slute