From Wikipedia, the free encyclopedia
Alexandre Dumas (Frânske útspr.: /a.lɛk.sɑ̃dʁ dy.ma̩/), berne as Alexandre Davy de la Pailleterie en ek wol Alexandre Dumas de Aldere (of op syn Frânsk: Alexandre Dumas, père) neamd (Villers-Cotterêts, 24 july 1802 – by Dieppe, 5 desimber 1870), wie in Frânsk skriuwer, toanielskriuwer en essayist. Hy is it bekendst wurden is troch syn aventoerlike histoaryske romans, dy't yn hast hûndert talen oerset binne en him ta ien fan 'e meast lêzen Frânske skriuwers út 'e skiednis makke hawwe. Ta syn oeuvre, dat likernôch 100.000 siden beslacht, hearre ferneamde titels, lykas Les Trois Mousquetaires ("De Trije Musketiers"), Le Comte de Monte-Cristo ("De Greve fan Monte-Cristo") en Le Vicomte de Bragelonne ("De Boarchgreve fan Bragelonne"), wêrfan't fral it lêste trêdepart as Hollywood-film popularisearre is ûnder de titel The Man in the Iron Mask. Der binne fan Dumas syn boeken yn 'e tweintichste iuw allinnich al hast 200 ferfilmings makke.
Alexandre Dumas | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Alexandre Davy de la Pailleterie | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 24 july 1802 | |
berteplak | Villers-Cotterêts (Frankryk) | |
stoarn | 5 desimber 1870 | |
stjerplak | by Dieppe (Frankryk) | |
etnisiteit | Frânsk Haïtiaansk | |
wurk | ||
taal | Frânsk | |
sjenre | hist. romans, fantasy, toaniel, reisferh., non-fiksje, autobiogr. | |
perioade | 19e iuw | |
streaming | Romantyk | |
bekendste wurk(en) | Les Trois Mousquetaires Le Comte de Monte-Cristo Le Vicomte de Bragelonne | |
jierren aktyf | 1825 – 1870 | |
offisjele webside | ||
www.dumaspere.com |
Alexandre Dumas syn heit wie Thomas-Alexandre Davy de la Pailleterie, dy't berne wie yn 'e Frânske koloanje Sint-Dominikus (Saint-Domingue), it lettere Haïty, út in bûtenechtlike relaasje tusken in Frânsk ealman en in swarte slavinne, en dy't as generaal ûnder Napoleon yn Itaalje en Egypte tsjinne. Nei't er lykwols yn 1806 oan kanker kommen wie te ferstjerren, hie syn widdo, Marie-Louise Élisabeth Labouret, in herbergiersdochter, der klauwen oan om har soan allinne grut te bringen. Sadwaande krige Dumas net folle ûnderwiis, mar dochs learde er lêzen en neitiid ferslynde er alle boeken dy't er mar te pakken krije koe. Hy waard nei alle gedachten bot beynfloede troch syn memme ferhalen oer de heldedieden dy't syn heit op it slachfjild út 'e wei set hie.
Yn 1822 ferfear Dumas nei de Frânske haadstêd Parys, dêr't er, stypjend op syn heite militêre reputaasje en de aristokratyske rang fan syn famylje, in baan wist te bemachtigjen yn it Palais-Royal, as ûnderdiel fan 'e stêf fan Loadewyk-Filips, de hartoch fan Orléâns. Yn dyselde snuorje naam er de namme Dumas, de efternamme fan syn beppe de slavinne, oan en sette er útein mei skriuwen. In pear fan syn earste wurken, de toanielstikken Henri III et Sa Cour en Christine hied er grut súkses mei, en de ynkomsten dy't er dêrút krige, stelden him by steat en meitsje fan skriuwen syn berop. Nei noch ferskate toanielstikken skreaun te hawwen, gied er oer op it skriuwen fan histoaryske romans.
Dêrby line er swier op beskate meiwurkers, lykas Auguste Maquet, dy't bgl. de plot fan Le Comte de Monte-Cristo betocht en wichtige bydragen levere oan Les Trois Mousquetaires en de ferfolgen dêrop. Yn Le Maître d'Armes ("De Skermmaster") wurke Dumas gear mei syn eigen skermmaster Augustin Grisier; de roman is skreaun as Grisier syn ferslach oer hoe't hy behelle rekke yn 'e Desimbristenopstân, yn Ruslân, yn 1825. (Dy roman waard trouwens yn Ruslân ferbean, en Dumas sels wie dêr persona non grata oant de dea fan tsaar Nikolaas I.)
Njonken toanielstikken en romans skreau Dumas ek in protte reisferhalen, nei oanlieding fan reizen dy't er makke út nocht, mar ek út klearbare needsaak. Fierdersoan ferskynde der ek in grut ferskaat oan artikels yn tydskriften fan syn hân. Yn totaal besloech al syn wurk mei-inoar om 'e 100.000 siden hinne. Dumas syn lêste roman, Le Chevalier de Sainte-Hermine ("De Ridder fan Sint-Hermine"), dy't troch syn dea, yn desimber 1870, ûnôf bleau, waard yn 2005 ôfmakke troch Dumas-kenner Claude Schopp en doe publisearre, wêrnei't it daliks in bestseller waard.
Yn 1830 wie Dumas belutsen by de Julyrevolúsje, wêrby't Karel X ôfset waard en syn eardere wurkjouwer Loadewyk-Filips, de "Boarger-Kening", op 'e Frânske troan kaam. Nei't dyselde yn 1848 ek ôfset wie, waard Frankryk wer in republyk, mei Louis-Napoléon Bonaparte as keazen presidint. Bonaparte hie it alhiel net op Dumas stean, dat de skriuwer moast yn 1851 nei Belgje útwike, dêr't er him nei wenjen sette yn Brussel. Yn 1859 gied er nei Ruslân, dêr't er twa jier tahold, en doe ferfear er nei Itaalje, dat yn maart 1861 krekt ûntstien wie troch de ienwurding fan in stikmannich lytsere steaten. De trije jierren dêrnei wie Dumas tige behelle yn it Italjaanske unifikaasjeproses. Sa rjochte er û.m. de krante Indipendente op, dy't er sels in hoart late. Yn 1864 kearde er werom nei Parys.
Dumas syn romans wiene withoe populêr, net allinnich yn Frankryk, mar ek yn it bûtenlân, en se brochten him in grou stik jild op. Spitigernôch hied er in gat yn 'e hân, dat alles dat binnenkaam, joech er like hurd wer út, benammentlik oan froulju en it goede libben. Syn flecht nei Belgje, yn 1851, waard sadwaande likefolle ynjûn troch syn minne relaasje mei de machthawwers fan 'e Frânske republyk, as syn winsk om oan syn skuldeaskers te ûntsnappen. Dumas troude op 1 febrewaris 1840 mei de aktrise Ida Ferrier (berne as Marguerite-Joséphine Ferrand; 1811-1859), mar dêrnjonken hied er frijaazjes mei teminsten 40 mêtresses. Dêrûnder wie ek (yn 1866) de yn dy tiid ferneamde Amerikaanske aktrise Adah Isaacs Menken, dy't mear as tritich jier mei him skeelde.
Dumas hie fjouwer oerwûne bern dy't as sadanich erkend wiene:
Tweintichste-iuwske wittenskippers hawwe trouwens ûntdutsen dat Dumas teminsten noch trije oare oerwûne bern oanset hat.
Nettsjinsteande Dumas syn aristokratysk komôf en syn persoanlik súkses hied er dochs syn libben lang te krijen mei diskriminaasje fanwegen syn swarte foarâlden. Yn 1843 skreau er de koarte roman Georges, wêryn't er guon fan 'e swierrichheden op it mêd fan 'e omgong tusken de ûnderskate rassen en de gefolgen fan it kolonialisme op 't aljemint brocht. Dumas syn beskie foar in man dy't him misledige oer syn rasiaal komôf, waard wiidferneamd: "Us heit wie in mulat, ús pake wie in neger en ús oerpake in aap. Sa sjogge je mar wer, menhear, myn famylje is begûn wêr't jowes einige is."
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.