Aleksanderje of Aleksandrje (Arabysk: الإسكندرية / al-ʼIskandariyyah; Ald-Gryksk: ̉Αλεξάνδρεια) is in stêd yn it noarden fan Egypte, oan de Midlânske See en de op ien nei grutste stêd fan dat lân. It leit oan de noardwestpunt fan de Nyldelta.
Aleksanderje اسكندرية | ||
Bestjoer | ||
Lân | Egypte | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 6.100.000 (2023) | |
Oerflak | 2.679 km² | |
Befolkingsticht. | 4.548,7 / km² (2017) | |
Hichte | 5 m | |
Oar | ||
Stifting | 331 f.Kr. | |
Tiidsône | EST UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
www.alexandria.gov.eg |
De stêd is ferneamd nei Aleksander de Grutte, dy't in wrâldryk festige dêr't ek Egypte part fan wie. Fanwege Aleksander boude de Grykske arsjitekt Dinokrates om-ende-by 330 f.Kr. de stêd. Aleksanderje wie ien fan de protte stêden dy't yn opdracht fan Aleksander stifte waarden en allegearre nei him ferneamd.
Tsjintwurdich is Aleksanderje in grutte stêd mei in befolking fan om-ende-by 4 miljoen ynwenners. Der is in wichtige gemyske yndustry festige mei ferskate technologyske bedriuwen. Yn de simmer komme in soad begoedige Egyptenaren nei de stêd fanwege it relative koele en noflike seeklimaat.
Nijsgjirrichheden yn en om Aleksanderje
- Gryksk-Romeinsk Museum
- Pylder fan Pompejus
- Romeinsk amfiteater
- Jachthaven
- Ferskate moskeeën
- El Alamein
- Bibliotheca Alexandrina
Oare stêden mei de namme Aleksanderje
Der binne op de wrâld in soad stêden dy't Aleksanderje hjitte of hjitten hawwe. Aleksander de Grutte ferneamde by syn fjildtochten in protte stêden nei himsels.
De Turkske foarm fan de namme Aleksanderje is Iskenderiye, en de Turkske stêd Iskenderiye (modern Turksk İskenderun is dus ien fan de Aleksanderjes. Yn it Arabysk is al- in foarheaksel, fandêr dat se Aleksander "Eksander" neamden, of mei ferwikseling fan de twalûden Eskander of Iskander of Iskender. Ek it Albaneeske Shkodër hie eartiids de namme Iskenderiye. En yn Irak leit ek in Iskanderia. Oare stêden dy't as Aleksanderje stifte binne, binne Herat, Farah, Kandahar, Chodzjand, Gazhni, Charikar, Bagram en Termiz. De Feriene Steaten fan Amearika hawwe ek ferskate stêden mei de namme Aleksanderje.[1]
Berne yn Aleksanderje
- Euclides fan Alexandrië (3e iuw f.Kr.), wiskundige en filosoof
- Konstantínos Kaváfis (1863-1933), Gryksk dichter
- Filippo Marinetti (1876-1944), stifter en foaroanman fan it futurisme
- Abdul Badawi (1887-1965), politikus en rjochter
- Rudolf Hess (1894-1987), nazyfoaroanman
- Riccardo Freda (1909-1999), Italjaansk filmregisseur en akteur
- Eric Hobsbawm (1917-2012), Britsk yntellektueel, marksistysk histoarikus en auteur
- Alex Joffé (1918-1995), Frânsk senarioskriuwer en filmregisseur
- Gamal Abdel Nasser (1918-1970), kolonel en presidint fan Egypte
- Eli Cohen (1924-1965), Israelysk spion
- Youssef Chahine (1926-2008), filmregisseur
- Omar Sharif (1932), filmakteur
- Mohamed Al-Fayed (1933), sakeman
- Georges Moustaki (1934-2013), Gryksk-Frânsk sjonger en komponist
- Demis Roussos (1946-2015), Gryksk sjonger
- Dodi Al-Fayed (1955-1997), sakeman, freon fan prinsesse Diana
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.