Albrecht III (Grimma, 27 jannewaris 1443 – Emden, 12 septimber 1500), byneamd de Kloekmoedige, wie fan 1485 oant 1500 hartoch fan Saksen. Hy wie de jongere soan fan karfoarst Freark de Sêftmoedige en earste hearsker fan de Albertynske liny fan de lettere keningen fan Saksen. Yn 1498 waard hy troch de Dútske keizer beneamd ta gûverneur (potestaat) fan Fryslân, de Ommelannen ynbegrepen, wat wol sjoen wurdt as de ein fan de Fryske frijheid.
Mear ynformaasje libben, Hartoch fan Saksen ...
|
|
Albrecht III de Kloekmoedige |
libben |
|
Hartoch fan Saksen |
|
Lângreve fan Tueringen |
perioade | 1482 - 1485 (tegearre mei Ernst) |
foargonger | Willem III fan Saksen |
opfolger | Ernst fan Saksen |
|
Slute