Akkadyske Ryk
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Akkadyske Ryk (Akkadysk: 𒆳𒌵𒆠, māt Akkadi; Sûmearysk: 𒀀𒂵𒉈𒆠, a-ga-de3KI) wie it earste grutte ryk yn 'e Aldheid fan Mesopotaamje. It waard ferneamd nei de stêd Akkad, dy't it sintrum foarme. It Akkadyske Ryk waard yn 'e earste helte fan 'e fjouwerentweintichste iuw f.Kr., wierskynlik yn of omtrint 2334 f.Kr. (Middellange Gronology), stifte troch kening Sargon fan Akkad, en besloech dielen fan wat no Irak, Iraan, Syrje, Koeweit en Turkije binne. Ek bûten dat gebiet wie de Akkadyske ynfloed grut, en de militêre macht fan it ryk rikte sels oan Dilmûn ta, oan 'e súdpunt fan it Arabysk Skiereilân (yn wat no Omaan is). It Akkadyske Ryk berikte syn hichtepunt om 2250 f.Kr. hinne, wêrnei't de Akkadyske macht fluch yn it neigean rekke, folge troch in hommels útinoar fallen fan it ryk yn 2154 f.Kr. Nei in perioade fan gaos klofte de befolking fan Mesopotaamje úteinlik gear ta twa Akkadysksprekkende naasjes: Assyrje yn it noarden en Babyloanje yn it suden.
Akkadyske Ryk 𒆳𒌵𒆠, māt Akkadi (Akkadysk) 𒀀𒂵𒉈𒆠, a-ga-de3KI (Sûmearysk) | |
---|---|
2334 f.Kr. – 2154 f.Kr. (M.G.) | |
geografyske lokaasje | |
It Akkadyske Ryk yn grien, Elam yn giel en de Hoer-rityske keninkriken yn pears. Mei pylken binne de rjoch-tings oanjûn wêryn't it Akkadyske Ryk him útwreide. | |
polityk | |
haadstêd | Akkad |
offisjele taal | Akkadysk Sûmearysk |
steatsfoarm | monargy |
ûntstien út | ● Sûmearyske stêdsteaten ● Twadde Marioatyske Ryk ● Earste Eblaïtyske Ryk |
opgien yn | ● Gûtyske Dynasty fan Sûmearje ● Trêde Marioatyske Ryk ● Twadde Eblaïtyske Ryk |
no diel fan | ● Irak ● Iraan ● Syrje ● Koeweit ● Turkije |
sifers | |
ynwennertal | >500.000 ? (2300 f.Kr.) |
befolkingstichtens | ûnbekend |
oerflak | 30.000 km² (2350 f.Kr.) 650.000 km² (2300 f.Kr.) 800.000 km² (2250 f.Kr.) 250.000 km² (2200 f.Kr.) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | sikkel |
- N.B.: foar alle jiertallen yn dit artikel is gebrûk makke fan 'e Middellange Gronology.