Adelaide
haadstêd fan Súd-Austraalje (Austraalje) / From Wikipedia, the free encyclopedia
Adelaide (Ingelske útspr.: [ˈædəleɪd], likernôch: "ed-dul-leed"; beharkje) is de haadstêd fan 'e Australyske steat Súd-Austraalje en de op fjouwer nei grutste stêd fan it lân. Yn 'e regel wurdt mei 'Adelaide' ferwiisd nei de stêdekloft, dy't anno 2020 krapoan 1,4 miljoen ynwenners telde; de eigentlike gemeente Adelaide beslacht inkeld it stedssintrum en hie dat jiers mar 26.000 ynwenners. Adelaide leit oan 'e Australyske súdkust en de Grutte Australyske Bocht. De stêd waard yn 1836 stifte en ferneamd nei Adelheid fan Saksen-Meiningen (yn it Ingelsk Adelaide), de keninginne-gemalinne fan it Feriene Keninkryk en Hannover en de frou fan kening Willem IV. Histoarysk stie Adelaide bekend om syn godstsjinstfrijheid en progressive politike herfoarmings. Hjoed de dei is de stêd benammen ferneamd om syn withoefolle festivals en sporteveneminten en natoerskientme.
Adelaide | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Austraalje | |
steat | Súd-Austraalje | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.376.601 (stêd, 2020) 26.177 (gemeente, 2020) | |
Oerflak | 3.259,8 km² (stêd) 15,6 km² (gemeente) | |
Befolkingsticht. | 422,3 / km² (stêd) 1.678,0 / km² (gemeente) | |
Hichte | 50 m | |
Oar | ||
Stifting | 1836 | |
Tiidsône | UTC +9.30 | |
Simmertiid | UTC +10.30 | |
Koördinaten | 34°55′39″S 138°36′00″E | |
Offisjele webside | ||
www.cityofadelaide.com.au | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Adelaide yn Austraalje.
|
- Dizze side giet oer de stêd yn Austraalje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Adelaide (betsjuttingsside).