From Wikipedia, the free encyclopedia
Aberystwyth (pleatslik faak Aber) is in plak (town) yn Wales, yn it bestjoerlike greefskip Ceredigion en it seremoanjele greefskip Dyfed oan de kust fan de Ierske See.
Aberystwyth | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Dielsteat | Wales | |
Greefskip | Ceredigion | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 15.935 (2001) | |
Oar | ||
Koördinaten |
De stêd leit oan de mûning fan de rivieren Ystwyth (dat is ek wat de namme betsjut) en de Rheidol, en hat likernôch 18.000 yn wenners (status 2005). Yn de omkriten binne gjin grutte plakken; Swansea leit 110 km nei it suden; Shrewsbury, yn Shropshire, Ingelân, 120 km nei it easten. Aberystwyth is in histoaryske merkstêd, mei in protte moderne gebouwen, mar ek in flink tal âlde gebouwen, sa as de ruïne fan in 13e iuwsk kastiel.
Aberystwyth is in wittenskiplik wichtich sintrum (ûnder oaren op it mêd fan planteferedeling), en hat it âldste kolleezje fan de Universiteit fan Wales (1872). Njoggen moannen yn it jier kriget de stêd sa'n 8800 studinten oer de flier. De Nasjonale Bibleteek fan Wales (1907) is ek fan belang, dêr wurdt in âlde hânskriftsamling bewarre.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aberystwyth fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.