2 Guns (film)
film út 2013 fan Baltasar Kormákur / From Wikipedia, the free encyclopedia
2 Guns (ek wol skreaun as Two Guns) is in Amerikaanske plysje-, misdie- en aksjekomeedzjefilm út 2013 ûnder rezjy fan Baltasar Kormákur, mei yn 'e haadrollen Denzel Washington en Mark Wahlberg. De titel betsjut "2 Pistoalen". De film is basearre op 'e stripsearje mei deselde namme. It ferhaal giet oer twa leden fan twa ferskillende Amerikaanske plysjetsjinsten, dy't allebeide undercover geane yn 'e ûnderwrâld en dêr mei-inoar gearwurkje, mar faninoar net witte dat se plysjes binne. As beiden ferret wurde troch harren superieuren, binne op inoar oanwiisd. 2 Guns krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in beskieden súkses yn 'e bioskopen.
Fluch de feiten
2 Guns | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Baltasar Kormákur | |
produsint | Marc Platt Randall Emmett Norton Herrick Adam Siegel George Furla Ross Richie Andrew Cosby | |
senario | Blake Masters | |
basearre op | de striprige fan Steven Grant en Mateus Santolouco | |
kamerarezjy | Oliver Wood | |
muzyk | Clinton Shorter | |
filmstudio | Marc Platt Productions Emmett/Furla Films Envision Entertainment Herrick Entertainment Boom! Studios | |
distribúsje | Universal Pictures (Fer. St.) Sony Pict. Releasing (ynternasj.) | |
spilers | ||
haadrollen | Denzel Washington Mark Wahlberg | |
byrollen | Paula Patton Edward James Olmos Bill Paxton James Marsden | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 30 july 2013 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | plysje-misdie-aksjekomeedzje | |
taal | Ingelsk (ek wat Spaansk) | |
spyltiid | 109 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $61 miljoen | |
opbringst | $131,9 miljoen |
Slute