West Hollywood (Kalifornje)
From Wikipedia, the free encyclopedia
West Hollywood, troch ynwenners gauris ôfkoarte ta WeHo (útspr.: ['wi:hoʊ]; likernôch: "wiihoo"), is in stêd yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Dit plak leit yn Los Angeles County, grinzget yn it westen oan 'e stêd Beverly Hills en wurdt oan alle oare kanten omsletten troch wiken fan Los Angeles, wêrûnder Hollywood oan 'e eastkant. West Hollywood stiet bekend om syn grutte homoseksuële en lesbyske mienskip. Neffens in offisjele skatting út 2013 hie de stêd doe goed 35.000 ynwenners. It makket lykwols ûnderdiel út fan 'e stêdekloft fan Los Angeles, mei in befolking fan yn totaal krapoan 13 miljoen minsken.
Fluch de feiten
West Hollywood | ||
Sunset Boulevard yn West Hollywood. | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | Los Angeles County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 35.288 (2013) | |
Oerflak | 4,9 km² (ynkl. wetter) 4,9 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 7.201,6 / km² | |
Stêdekloft | Los Angeles | |
Hichte | 86 m | |
Oar | ||
Stifting | 1897 | |
Tiidsône | UTC –8 | |
Simmertiid | UTC –7 | |
Koördinaten | 34°05′16″N 118°22′20″W | |
Offisjele webside | ||
www.weho.org | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Wes Hollywood yn Los Angeles County en yn 'e steat Kalifornje. |
Slute